Undersyk sterkte Ofslútdyk

18 feb 2009 - 12:21
  • De oerslachgolfsimulator op 'e Ofslútdyk
  • De Ofslútdyk: sterk genôch?

Rykswettersteat ûndersiket op dit stuit oft de Ofslútdyk ekstreem swiere golven hawwe kin. Dêrfoar wurdt út in bak boppe-op de dyk yn ien kear in grutte klets wetter loslitten. Dat moat in golf fan twa meter heech simulearje.

De seediken binne oan ferfanging ta. Rykswettersteat ûnderkent it probleem en siket om oplossings. Sadwaande wurde op tal fan plakken diken úttest. Der binne ek al earder tests dien by Sint Jabik, yn Grinslân en yn Seelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)