Undersyk stekpartij AZC Burgum

06 sep 2010 - 12:35

It ûndersyk nei de krekte oanlieding fan de stekpartij op it terrein fan it AZC yn Burgum ferrint muoisum. De 18-jierrige fertochte is de Nederlânske taal noch net bot machtich. Moandei wurdt de jonge, mei help fan in tolk, nochris heard. Wol dúdlik is al, dat de foutballer in reade kaart net sette koe.

De stekwûne yn it skouder fan de skiedsrjochter, ek in bewenner fan it AZC, foel ta. Hy koe op it terrein fan it AZC behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)