Undersyk Starum rint noch

25 aug 2010 - 10:44

Starum wie in moanne lyn wrâldnijs. Doe ried in slyptrein dwers troch de stjitblokken én de wettersportwinkel fan Auke de Groot hinne. Hy wol de winkel graach wer iepenje, mar de fersekerders binne noch drok mei it ûndersyk nei it ûngelok. Alle dagen is De Groot mei de ôfhanneling dwaande.

Mei help fan kollega's en leveransiers is De Groot syn oaljehannel wol wer yn bedriuw. It is net dúdlik wannear't it op 'e nij bouwen fan de wettersportsaak begjinne kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)