Undersyk sprekkoaren by H'fean

31 des 2005 - 09:52

It fuotbalbûn, de KNVB, hat in foarûndersyk ynsteld nei sprekkoaren by de wedstriid Hearrenfean-Willem II. It giet om teksten tsjin skiedsrjochter Eric Braamhaar. De sprekkoaren soene op de swarte list stean. It giet ûnder oare om 'Hoerejong'.

De mooglike sanksjes ferskille fan in warskôging oant in jildboete. Sportclub Hearrenfean krijt earst noch de kâns te reagearjen. Takom wike wurdt bekend makke wat de mooglike straf is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)