Undersyk sjitterij Jumbo klear

19 aug 2010 - 11:02

De plysje is klear mei it ûndersyk nei de sjitpartij op 10 augustus by de Jumbo-supermerk oan de Canadezenleane yn Ljouwert. Der binne fiif fertochten oanhâlden wêrfan't twa noch fêstsitte. Sa't no bliken docht hawwe der earst twa fjochtpartijen west foar't der sketten waard.

It begûn mei fjochterij tusken in 23- en in 25-jierrige Ljouwerter. Beide hellen der maten by, sadat in twadde fjochtpartij ûntstie. Dêrby is ek it rút fan in auto fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)