Undersyk sjitpartij Drachten

09 aug 2012 - 10:21
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje docht ûndersyk nei in sjitpartij yn Drachten. De sjitpartij wie al yn maaie. In 37-jierrige bewenner yn de wyk Folgeren waard yn de nacht fan 17 op 18 maaie wekker fan it alarm yn de skuorre by syn wenning. Yn dy skuorre siet in himpkwekerij dêr't op dat stuit 4 manlju oan it wurk wiene.

Doe't de man nei bûten gie om te sjen wat der oan de hân wie, seach er 4 oare manlju by de skuorre omrinnen. Dy naaiden gau út doe't se de bewenner seagen. De Drachtster sette de achterfolging yn, mar waard troch de fertochten delsketten.

It slachtoffer koe nettsjinsteande de skotwûne sels nei it sikehûs ride. Hy is oanholden. Fan twa fan de meiwurkers fan de kwekerij is yntusken dúdlik wa't it binne. De plysje hat foto's fan de oare twa weedkwekers op dadergezocht.nl set, yn de hope achter harren identiteit te kommen. De plysje hat noch gjin spoar fan de fjouwer ynbrekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)