'Undersyk sintrale as net goed'

08 jan 2006 - 14:14

De aksjegroep 'Donia Weg Centrale As' út Damwâld fielt him net serieus naam troch de provinsje. De aksjegroep hie in alternatyf trajekt betocht foar de ûntslutingsdyk tusken Dokkum en de Wâldwei, de 'Centraalste As'.

De provinsje hie tasein ûndersyk te dwaan nei de helberens fan dat plan, mar neffens de aksjegroep is dat ûndersyk net goed útfierd. Al nei twa moanne makke it projektburo bekend dat de 'Centraalste As' gjin opsje is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)