Undersyk seehûnepopulaasje

06 nov 2003 - 00:00

It giet wer goed met de seehûnen yn de Waadsee. It is no in jier lyn dat der in grutte firusútbraak wie. In soad seehûnen fûnen dêrby de dea. Kennisynstitút Alterra hat yn opdracht fan it ministearje fan Lânbou ûndersyk dien nei de seehûnepopulaasje.

By de jierlikse fleantúchtelling binne der hast 2400 seehûnen sjoen. Neffens Peter Reijnders fan Alterra kin dêrút opmakke wurde dat de seehûn sterker is as guon minsken tinke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)