Undersyk SC Hearrenfean rint

09 jul 2013 - 21:40

It ûndersyk nei de gong fan saken by SC Hearrenfean rint goed. Dat ha Lense Koopmans en Jos Vaessen, de beide ûnôfhinklike ûndersikers, witte litten yn in tuskentiids ferslach oan boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean. Dy is begelieder fan it hiele proses. Sûnt ein juny ha der petearen west mei ferskillende minsken en dat set noch wol even troch. Freed 26 july wurde de útkomsten fan it ûndersyk presintearre. De kommsje ûndersiket it draachflak fan it stichtingsbestjoer, de ried fan kommissarissen en de direksje fan Sportklup Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)