Undersyk by SC Hearrenfean

06 jun 2013 - 18:48
  • SC Hearrenfean

In ûnôfhinklike bestjoersadviseur sil de sitewaasje by SC Hearrenfean ûndersykje. It stichtingsbestjoer fan de fuotbalklup reagearret hjirmei op de ûnrêst binnen de klup, dy't al wiken oanhâldt. It bestjoer hat Paul Nobelen frege yngripend ûndersyk te dwaan.

It ûndersyk rjochtet him op it draachflak foar de direksje en ried fan kommissarissen, de relaasje mei en rol fan earefoarsitter Riemer van der Velde, de finânsjes, de belutsenheid fan sponsoaren, de supportersferienings, it personielsbelied en de kontakten mei de media.

It evaluaasjerapport moat foar 15 augustus klear wêze. Dêrnei sil it stichtingsbestjoer in beslút nimme. De direksje en rfk ha sein dat se oan it ûndersyk meiwurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)