Undersyk Rykswettersteat: skea oan brêge Twellingea falt ta

22 mrt 2016 - 11:58
  • Kontrôle fan Rykswettersteat op it wetter

De skea oan de brêge yn de Nije Dyk by Twellingea liket ta te fallen. Ut in nij ûndersyk fan Rykswettersteat docht bliken dat de kamrêden fan it brêgedek minder fersliten binne as earder tocht waard. De kommende wiken wurde brûkt om te sjen of de oandriuwing fan de brêge it dit toeristeseizoen noch folhâldt of earder ferfongen wurde moat.

Om de brêge oer it Prinses Margrietkanaal feilich betsjinje te kinnen, giet it brêgedek stadiger iepen as oars, sadat der minder druk op de kamrêden komt te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)