Undersyk rol Drint by ûntfiering

17 sep 2003 - 00:00

De plysje hat in twadde fertochte yn de ûntfieringssaak Lusanne van der Gun heard. It giet om in ynwenner fan Tweede Exloërmond yn Drinte. De man is in goede kunde fan de earste fertochte, in 63-jierrige ynwenner fan Ryptsjerk.

Parse-offisier Brouwer seit mei klam dat de man net de twadde ûntfierder is dêr't wol oer sprutsen waard. De Drint en de Ryptsjerker ha inoar in pear dagen nei de ûntfiering moete. Justysje ûndersiket no de rol fan de Drint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)