Undersyk rint nei dea Harnzer

21 maaie 2013 - 14:27

De plysje is yn Harns noch altiten dwaande mei it ûndersyk nei de dea fan in 34-jierrige man út de stêd. It lichem fan it slachtoffer waard yn de nacht fan moandei op tiisdei fûn yn syn hûs oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte. Flak neidat de plysje in melding krigen hie, binne in 52-jierrige frou út Makkum en twa Harnzers fan 36 en 49 oanhâlden foar belutsenhied by de dea fan de man. Buertbewenners sizze dat der rûzje west hat yn it hûs. Boppedat moast de plysje yn it ferline wol faker komme foar klachten fan oerlêst nei alkoholgebrûk.

Woansdei moat nei seksje yn Grins dúdlik wurde wat de oarsaak is fan de dea fan de Harnzer; de plysje sprekt no noch fan in ûnnatuerlike dea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)