Undersyk regels frijwilligers

01 des 2006 - 16:03

Der komt in ûndersyk nei de ynfloed fan wet- en regeljouwing op de ynset fan frijwilligers. Dit omdat ferline jier 15% fan de frijwilligersorganisaasjes oanjoegen in soad lêst te hawwen fan dy regels.

It wjerhâldt minsken der soms fan om frijwilligerswurk te dwaan. 750 frijwilligersorganisaasjes krije in skriftlike fragelist. It ûndersyk wurdt útfierd troch Doarpswurk, Keunstwurk, Partoer en Sport Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)