Undersyk reade kaart Väyrynen

26 nov 2008 - 09:48

De KNVB ûndersiket de reade kaart dy't Hearrenfeanspiler Mika Väyrynen sneontejûn krige. Yn de wedstriid tsjin FC Twente goaide de Finske middenfjilder de bal tsjin de rêch fan Twentespiler Kenneth Perez om sa troch te gean mei it spul.

Skiedsrjochter Braamhaar joech dêr in twadde giele kaart en dus read foar. Neffens Braamhaar is it mislieding fan de skiedsrjochter, mar de FIFA hat dy regel no krekt skrast. De KNVB sil de saak ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)