Undersyk provinsje nei lekken

06 okt 2007 - 08:45
  • In amtner fan de provinsje is ûntslein yn ferbân mei it lekken fan ynformaasje.

It provinsjebestjoer hat de Ryksresjerzje ynskeakele by in yntern ûndersyk nei it útlekken fan fertroulike stikken.

Koartlyn hawwe sawol Omrop Fryslân as de Ljouwerter Krante publisearre út in geheime brief fan de Noardlike Rekkenkeamer. It brief gie oer misstannen by de ferbou fan it tydlike provinsjehûs yn Ljouwert. Undertusken hat in amtner fan de provinsje ûntslach krigen fanwege de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)