Undersyk plysjedeklaraasjes

05 des 2009 - 10:59
  • Marga Berndsen

Der komt in ûndersyk nei deklaraasjes fan de plysjetop. Dat ha it Korpsbeheerdersberaad en de Raad van Korpschefs bekend makke. Koartlyn kaam út in ûndersyk fan RTL nei foaren dat dy plysjetop mooglik mear deklarearret as tastien is. Sa wennet de Fryske korpssjef Berndsen neffens RTL tsjin de regels yn fergees, omdat de plysje har hierappartemint betellet.

Wa't it ûndersyk dwaan sil is noch net bekend. It sil wol om in ûnôfhinklike kommisje gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)