Undersyk plaknammebelied SWF

22 des 2011 - 12:41
  • Snits

Nei it plaknammebelied fan de gemeente Súdwest-Fryslân moat in steatsrjochtlik ûndersyk komme. Dat wol de Feriening Frysk Underwiis. De feriening sit it slim yn 'e wei dat in demokratysk beslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel net útfierd wurdt. De ried fan dy gemeente hat yn 2008 besletten dat alle plaknammen ferfryske wurde. De gemeente dêr't Wymbritseradiel yn opgien is, Súdwest-Fryslân, wegeret oant no ta dat beslút út te fieren.

De feriening ropt de provinsje no op yn te gripen. Benammen om't it brûken fan it Frysk fêstlein is yn de wet.

Boppedat, sa stelt de feriening, is it fan grutte betsjutting foar de eigen identiteit fan de jongerein yn it Frysk ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)