Undersyk oerfallen 5 supers

07 feb 2010 - 12:35

De plysje ûndersiket oft fiif oerfallen yn Fryslân mei elkoar ferbân hâlde. Yn de ôfrûne moannen binne fiif Fryske supermerken oerfallen. Earst trije yn Ljouwert, ôfrûne woansdei ien yn Harns en sneon wie it raak by de Super de Boer op 'e Gordyk.

Twa ûnbekenden bedrigen in meiwurker mei in fjoerwapen doe't dy de persoanielsyngong iepenje woe. De man wegere en rôp lûd om help. Hy krige in klap op 'e holle mei it pistoal en de oerfallers naaiden dêrnei út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)