Undersyk oerfal kebabsaak Ljouwert noch net klear

08 maaie 2015 - 11:02
  • De oerfallen kebabsaak oan de Weerd

De plysje docht noch altyd ûndersyk nei de oerfal op in kebabsaak oan de Weerd yn Ljouwert fan ferline wykein. De plysje siket ek noch tsjûgen dy't wat sjoen hawwe. Neffens de eigener fan de ytgelegenheid kamen der om in oere of fiif moarns betiid twa manlju syn saak yn. Se bedrigen en mishannelen him, en sleaten him dêrnei yn in aparte romte op.

De oerfallers binne mei in ûnbekend jildbedrach fuortgien. De oerfallen eigener koe himsels pas nei in skoft befrije en de plysje belje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)