Undersyk oanriding Hearrenfean

15 sep 2009 - 10:04

De plysje docht ûndersyk nei in oanriding op It Hearrenfean, wêrby't de feroarsaker trochriden is. In grize auto stie parkeard op de Abe Lenstra Boulevard by it Friesland College. Tusken kertier foar fiven en fiif oere moandeitemiddei is de auto flink skansearre. De eigner hat oanjefte dien.

De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen. Dy kinne har melde by de plysje op tillefoannûmer 0900 88 44 of fia Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)