Undersyk nijbou Lauwerscollege

06 feb 2009 - 12:12

De gemeente Achtkarspelen docht in helberheidsûndersyk nei in folsleine nijbou foar it Lauwerscollege yn Bûtenpost. De skoalle sit no op trije lokaasjes yn Bûtenpost en Kollum. Alle trije soene by elkoar komme kinne yn in nij gebou yn it Stasjonsgebiet fan Bûtenpost, mar dat hinget fan it jild ôf. Oars wurdt de haadlokaasje yn Bûtenpost útwreide.

As de skoalle yn it Stasjonsgebiet komt soe dat bot helpe by de fierdere ûntwikkeling fan dat gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)