Undersyk netwurk Hearrenfean

19 feb 2004 - 00:00

De gemeente It Hearrenfean lit ûndersykje oft grutte bedriuwen en ynstellingen ferlet ha fan mear ynternetkapasiteit. It besteande glêsfezelnet wurdt besjoen en der wurdt ek útsocht oft dat útwreide wurde moat.

De gemeente lit it ûndersyk dwaan om't de kwaliteit fan de ynternet- en telekommunikaasjetechnyk hieltyd wichtiger wurdt. De ferwachting is dat mei in jier as fiif de kommunikaasje hast folslein fia glêsfezelkabels giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)