Undersyk nei yntegriteitsbelied fan gemeente Opsterlân

29 jan 2016 - 11:58
  • Gemeente Opsterlân

Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei it yntegriteitsbelied fan it gemeentebestjoer fan Opsterlân. Oanlieding foar it ûndersyk is de kwestje rûnom soarchoanbieder Springth. It bedriuw fersoarget deibesteging foar minsken dy't dreech wurk fine kinne. Dy opdracht rint fia de gemeente. Oare soarchoanbieders sette dêr fraachtekens by om't ien fan de riedsleden aktyf is foar Springth en syn frou dêr fennoat is.

Kommissaris fan de Kening Jorritsma hat nei oanlieding fan de kwestje oantrune om in ekstern ûndersyk en boargemaster Van Selm giet dêr no yn mei. Yn it ûndersyk wurdt net spesifyk nei dizze kwestje sjoen, mar nei ôfrin moat wol foar elk riedslid en wethâlder dúdlik wêze wat wol en net kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)