Undersyk nei wurkwize Waadfûns

30 aug 2012 - 12:14
  • Waadfûns

Nei it funksjonearjen fan it Waadfûns moat in ûndersyk komme. Neffens de Algemiene Rekkenkeamer yn De Haach hat it Waadfûns oant no ta fierste min projekten yntsjinne dy't de ekonomyske en ekologyske wearde fan it waadgebiet ferbetterje moatte. Yn fiif jier tiid waard fan de beskikbere 700 miljoen mar 40 miljoen opmakke, wylst 13 persint útlutsen waard foar eigen kosten. Neffens de Rekkenkeamer hie dat net boppe de 4 persint útkomme moatten.

Boppedat waarden in soad yntsjinne foarstellen op 'e lange baan skood of hielendal net realisearre.

No't de subsydzjepot fan 500 miljoen fan De Haach oergiet nei de noardlike provinsjes, freget de Rekkkenkeamer him ôf oft it Waadfûns wol kapabel genôch is om nije projekten te realisearjen. Deputearre Tineke Schokker fynt in ûndersyk no noch te betiid, mar sil der goed op tasjen dat nije projekten realisearre wurde en gjin fertraging oprinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)