Undersyk nei WMO-tefredenheid

16 feb 2011 - 06:27

De gemeenten Súdwest Fryslân, Gaasterlân-Sleat, Littenseradiel en Lemsterlân sille ûndersyk dwaan nei de tefredenheid fan minsken dy't brûk meitsje fan de Wet maatschappelijke Ondersteuning. Dy stipe ferskilt fan help yn de húshâlding oant in scootmobyl.

De gemeenten wolle graach witte oft de WMO better kin. Under tûzen kliïnten sil in enkête ferspraat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)