Undersyk nei winsken studinten

27 jan 2003 - 00:00

Wat fine studinten fan har keamer yn Ljouwert? Oan watfoar betingsten moat de wenromte foldwaan? Op inisjatyf fan de Stichting Leeuwarden Studiestad wurdt dat ûndersocht. Studinten kinne op ynternet in enkête ynfolje.

De stichting wol witte wat de studinten belangryk fine. Oft se in eigen ynternetoansluting op de keamer ha wolle of is it belangryk dat de keamer tichtby in sportfoarsjenning is. Yn april wurde de resultaten bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)