Undersyk nei wetterwenwiken

12 aug 2014 - 19:50

Gemeente Hearrenfean ûndersiket oft it mooglik is om wetterwenwiken oan te lizzen. Dizze wetterwenwiken bestean út bungalows dy't op it wetter boud wurde. It giet om duorsume driuwende wenten dy't 170-tûzen euro kostje.

It plan foar dizze wetterwenwiken komt fan it bedriuw Planburonoord fan It Hearrenfean. It is noch net dúdlik oft de wetterwenwiken der ek echt komme, dizze simmer wurdt dêr ûndersyk nei dien. De gemeente sjocht dêrfoar nei wetterrike omjouwings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)