Undersyk nei weryndieling

02 des 2008 - 08:43

De gemeenteried fan Skarsterlân wol fusearje mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat, mar dan moat de gemeente der net minder fan wurde. Dêrom wurdt ûndersocht wat de foar- en neidielen fan in mooglike fúzje binne.

Yn in ekstra gearkomste is moandeitejûn fierder ôfpraat dat de ôfspraken mei de gemeente Hearrenfean neikommen wurde moatte en dat de ynwenners fan Skarsterlân ek har miening jaan meie oer in fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)