Undersyk nei wenningbrân Wikel

03 sep 2007 - 12:06

De plysje siket út oft de wenningbrân yn Wikel fan ôfrûne wykein ferbân hâldt mei de eardere brânstichtingen yn dy omkriten.

Ein ferline jier wie der tolve kear brân yn de omjouwing. Yn desimber baarnden twa pleatsen ôf, oan de Dellebuursterwei en de Vogelzangwei. Beide kearen wie it fjoer oanstutsen. Ofrûne wykein ûnstie brân yn in skuorre oan de Jachtlustweg, dat oersloech nei de wenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)