Undersyk nei wenferlet

19 feb 2003 - 00:00

It wenferlet ûnder Friezen wurdt fia in enkête ûndersocht. Goed 60.000 minsken krije meikoarten in fragelist tastjoerd. Provinsje, gemeenten en wenningbouferieningen wolle witte watfoar ideeën Friezen oer wenjen ha.

Om in geskikte wenromte foar starters, allochtoanen en âlderein te finen, is in goede gearwurking fan belang. Neffens de provinsje witte gemeenten faak net goed wêr't ferlet fan is yn har gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)