Undersyk nei útstjit Omrin

10 des 2008 - 12:15
  • It ûntwerp fan de ôffaloven yn Harns

Húsartsen út Noardwest Fryslân wolle dat der ûndersyk komt nei de útstjit fan de ôffaloven fan Omrin. Sy meitsje har grutte soargen oer de ôffaloven dy't yn Harns komme moat.

Nij Amerikaansk ûndersyk seit dat by it ferbaarnen fan smoargens stoffen frij komme, dy't gefaarlik binne foar de sûnens. De húsartsen krije in soad pasjinten op it sprekoere dy't har soargen meitsje. De fjouwer húsartsen ha ferline wike om 'e tafel west mei Omrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)