Undersyk nei ûngelok Raard

02 jan 2013 - 16:52
  • Spoare-ûndersyk by Raard
  • spoare-ûndersyk by Raard
  • spoare-ûndersyk by Raard

Der komt mooglik in rekonstruksje fan it slimme ûngelok yn de âldjiersnacht by Raard. Dat seit it Iepenbier Ministearje. De 42-jierrige frou út Dokkum, dy't ynried op de groep ynwenners fan Raard, bliuwt foarearst fertochte, mar in krekte oanklacht leit der noch net.

It plysje-ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok is op dit stuit yn folle gong. Fêststiet dat der gjin ynfloed wie fan drank of medisinen. Ek hat se net te hurd riden. It ûndersyk rjochtet him yn earste ynstânsje op de ferklearrings fan de frou en alle omstanners.

As dêrtroch gjin helderheid ûntstiet, is in rekonstruksje in opsje, seit parse-ofsier Pieter van Rest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)