Undersyk nei ûngelok mei trein

26 jul 2010 - 12:05
  • De ravaazje yn Starum op de moarn nei it grutte treinûngelok
  • De trein ried dwers troch de wettersportwinkel

De plysje is yn Starum drok dwaande mei ûndersyk nei de oarsaak fan it treinûngelok dat sneintejûn foar in grutte ravaazje soarge. Om goed healwei tolven ried in ûnderhâldstrein mei sa'n acht wagons troch de stjitblokken en dindere dêrby dwers troch in wettersportwinkel hinne.

It gefaarte kaam úteinlik op it plein achter de winkel flakby it VVV-kantoar stil te stean. Twa minsken yn de kabine rekken licht ferwûne. De treinreizgers wurde mei bussen ferfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)