Undersyk nei toerisme

04 apr 2005 - 12:11

Eaststellingwerf ûndersiket de kwaliteit fan toerisme en rekreaasje yn de gemeente. Toeristen wurde fan 't simmer frege in enkête yn te foljen. Se kinne oanjaan wat se fan foarsjennings yn de gemeente fine.

De gemeente wol dat ûndersyk de kommende jierren faker dwaan om te sjen oft de plannen effekt ha. It ûndersyk begjint dizze moanne al en duorret oant en mei oktober. Yn desimber wurde de resultaten presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)