Undersyk nei tal ynbraken yn Fryske tsjerken

25 sep 2015 - 12:08
  • De tsjerke yn Nyegea

De plysje ûndersiket meardere ynbraken yn tsjerken yn Fryslân. Yn Wurdum, Nyegea en De Pein waard tiisdeitenacht ynbrutsen yn 'e tsjerke. Tongersdeitejûn waard in ynbraak yn de tsjerke fan Wergea ûntdutsen. Mooglik is dêr yn deselde nacht ynbrutsen. De dieven hawwe sulverwurk en jild meinaam. Ut de tsjerke fan De Pein waard neat meinaam.

De plysje is op syk nei tsjûgen. Fierder freget de plysje minsken alert te wêzen en fuortendalik 112 te beljen as se wat fertochts sjogge by in tsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)