Undersyk nei takomst Caparis

25 aug 2006 - 11:02

De acht dielnimmende gemeenten oan wurkfoarsjenningskip Caparis yn Drachten moatte opdracht jaan ta in ûndersyk nei de takomst fan de ynstelling. Dat fynt it kolleezje fan B&W yn Weststellingwerf.

Oanlieding is de komst fan de nije wet 'Sociale Werkvoorziening' en de hege bydragen fan de belutsen gemeenten oan Caparis om de tekoarten dêr te dekken. Weststellingwerf wol net mear foar dy kosten opdraaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)