Undersyk nei supers Frjentsjer

24 feb 2010 - 21:11

Der komt in yntegriteitsûndersyk nei de kwesje rûnom de supermerken yn Frjentsjer. Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel hat dêr opdracht foar jûn. Oanlieding is de stream oan beskuldigings fan Wopke Klaver fan Klaver Vastgoed yn Harns oan it adres fan wethâlder Miedema.

Op ferskate manieren beskuldige Klaver him en PvdA-riedslid Maarten de Bok derfan de kant te kiezen fan in oare partij, dy fan 'vastgoedman' Sjoerd Burggraaff.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)