Undersyk nei stifter bibleteek

03 maaie 2007 - 12:43

Tresoar yn Ljouwert sil ûndersyk dwaan nei Lieuwe Annes Buma, de grûnlizzer fan de Buma-bibleteek yn Ljouwert. De klassikus Buma libbe fan 1796 oant 1876. Hy liet in soad jild nei foar in bibleteek mei Gryks en Latynsk wurk. De Buma-bibleteek hat no in kolleksje fan sa'n 50.000 titels.

Der is noch net earder wittenskiplik ûndersyk dien nei Buma. Dêrom is de man achter de bibleteek noch in grutte ûnbekende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)