Undersyk nei Stenden

08 jan 2011 - 10:18

De ûnderwiisynspeksje ûndersiket oft de hegeskoalle Stenden yn Ljouwert publyk jild fergriemd hat by it iepenjen fan bûtenlânske festigings. Dat stiet yn de Volkskrant fan sneon. De bestjoerders fan Stenden soene fierste folle reizge en deklarearre hawwe.

Neffens wurdfierder Peter Mulder fan Stenden hat de ûnderwiisynspeksje allinnich algemiene fragen steld oer de aktiviteiten yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)