Undersyk nei sportklubs

23 feb 2004 - 00:00

Sport Fryslân wol yn kaart bringe hoe't de Fryske sportklubs der finansjeel en organisatoarysk foar steane. Oanlieding dêrfoar binne dramatyske sifers út in grut lanlik ûndersyk. Dêrút die bliken dat hast alle klubs yn 'e Rânestêd grutte problemen hawwe.

Hoe't de tastân yn Fryslân is, is nea ûndersocht. Wol is bekend dat ferlet fan frijwilligers, besunigings en strange regels ek yn Fryslân problemen jouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)