Undersyk nei Skûlenboarch

06 jul 2010 - 16:23

Foar rekreaasje by Skûlenboarch is net folle romte. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe ûndersykje litten hokker mooglikheden der binne foar it gebiet oan it Prinses Margrietkanaal.

It advysburo ûndersocht goed 40 mooglikheden, mar dêrfan wiene úteinlik mar in pear opsjes dy't kâns fan slagjen lykje te hawwen. De meast kânsrike opsje is in kabelskybaan, dêrnei komme it bungalowpark, de camping en in attraksje foar bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)