Undersyk nei skoallen op Amelân

21 jan 2004 - 00:00

It iepenbier ûnderwiis op It Amelân wurdt ûndersocht. Yn it easten binne gjin iepenbiere basisskoallen mear. Dy moasten slute doe't de asylopfang op it eilân tichtgie.

De gemeente wol witte oft dat de iennige oarsaak is en oft der draachflak is foar nije skoallen yn Nes of Buren. Der binne op syn minst 24 learlingen nedich foar in skoalle dêr. Undersiker Tielman praat mei âlden en bringt advys út oan de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)