Undersyk nei sjitynsidint

05 nov 2013 - 09:47
  • De toer fan definsje op de Flyhors
  • Kûgelgat yn it glês fan de ferkearstoer
  • De kontrôletoer op de Flyhors
  • De ferkearstoer op de Flyhors waard ûnder fjoer nommen

Der komt in ûndersyk nei it besjitten fan de kontrôletoer op it militêre oefenterrein de Flyhors op Flylân. In strieljagerpiloat naam de toer moandei per ûngelok ûnder fjoer mei it boardkanon fan syn F-16. Hy hie in grûndoel op in stik strân reitsje moatten. Yn de toer siet in tal militêren, mar der rekke net ien ferwûne. De kontrôletoer sels rekke swier skansearre.

De Keninklike Loftmacht sil no ûndersykje wat der misgien is. De strieljagerpiloat kaam fan de fleanbasis yn Volkel. De toer op de Flyhors is twa kear earder besketten.

Yn 2001 waard de toer rekke troch sân kûgels út it boardkanon fan in Dútsk jachtfleantúch. Yn 1992 fjurre in Deenske F-16 per ûngelok fjouwer oefenraketten op de toer ôf. Dêrby rekke doe in ûnderoffisier licht ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)