Undersyk nei selsmoard

28 jun 2008 - 12:01

It Iepenbier Ministearje yn Grins docht ûndersyk nei de dea fan in man yn Frjentsjer freedtemoarn. De man die himsels tekoart mei in pistoal, op it momint dat plysjes him yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert besochten oan te hâlden.

Sneon wurde de earste belutsenen heard oer de tadracht fan it sjitinsidint. Moandei giet dat ûndersyk fierder. It ûndersyk wurdt útfierd troch it Iepenbier Ministearje yn Grins, omdat dat yn Ljouwert belutsen is by de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)