Undersyk nei sânputten

30 apr 2010 - 12:00

Nei mooglike putten yn de dunen op It Amelân wurdt dochs fierder ûndersyk dien. Fiif wike ferlyn foel in famke fan acht jier yn ien sa'n put en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. Net ien wist fan it bestean fan de put ôf, mar wierskynlik stamt er út de Twadde Wrâldoarloch.

De gemeente makket him soargen oer de feiligens fan it dunegebiet en sil no, yn oparbeidzjen mei Rykswettersteat, besjen wat der op dit plak noch mear yn de grûn sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)