'Undersyk nei sâltwinning'

09 mrt 2005 - 10:29

Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de gefolgen fan de sâltwinning yn noardwest-Fryslân. Dat wolle alteast de FNP, PvdA en GrienLinks yn Provinsjale Steaten. It sâltfabryk Frisia yn Harns soe rinnende it ûndersyk foarearst gjin sâlt mear út de grûn helje meie.

De steateleden meitsje har soargen oer de fersakking fan de boaiem en de gefolgen fan de omwenjenden. Op 30 maart prate de steateleden op 'e nij oer de sâltwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)