Undersyk nei rûnwei Dokkum

27 mrt 2009 - 07:40

De gemeenteried fan Dongeradiel is tongersdeitejûn akkoart gien mei it beskikber stellen fan jild foar de earste tariedingen fan de westlike rûnwei yn Dokkum. It giet dan om in foarûndersyk nei de kosten. De skatting is dat de dyk sa'n 20 miljoen euro kostje moat en de ferbining foarmje sil tusken de nije Sintrale As en it westlike wengebiet fan Dokkum en yndustryterrein Betterwird.

As de definitive kosten fan de rûnwei bekend binne, dan wurdt in beslút naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)