Undersyk nei rol Loek Hermans

28 sep 2011 - 20:38
  • Loek Hermans

Der moat in ûndersyk komme nei de rol fan Loek Hermans as foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan it COA, it Sintraal Orgaan foar de Opfang fan Asylsikers. Dat hat de Twadde Keamer woansdei ôfpraat.

Hermans is âld-kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân en wennet yn Beetstersweach. Hy soe te min oan de problemen by it COA dien hawwe. Hermans is op dit stuit ek Earste Keamerlid foar de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)