Undersyk nei Q-koarts

28 sep 2012 - 11:23

It is net dúdlik hoe't it kin dat it tal gefallen fan Q-koarts yn Fryslân yn de earste helte fan dit jier opfallend tanaam is. In ûndersyk fan de GGD en de Voedsel- en Warenautoriteit hat gjin útslútsel jaan kinnen oer de oarsaak. It ûndersyk waard dien omdat yn in koart skoftsje tiid alve minsken harren meld hiene mei ferskynsels fan Q-koarts. Acht fan harren wennen yn Drachten of dêr flakby.

Der is ûnder oare ûndersyk dien by geitehâlders yn 'e omkriten fan Drachten en by de berneburokerij yn dat plak. Der is neat fertochts fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)